Logo FNP

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

COLUMN wk 33

Skatgrave

De lêste wiken stiene hjir thús folslein yn it teken fan it graven fan grutte gatten. Earst kamen de mannen fan it gas in nije haadlieding yn e strjitte oanlizzen, doe de graafploech om de breuk yn myn internet-tv-telefoan kabel op te speuren en ta beslút de satelyt-stjoerde minikraan om de gaslieding fan de haadbuis nei myn hús oan te lizzen. Hjirby fûnen se by de buorlju in argeologysk ynteressant stienen krúkje. Dan tinke jo stikem: ‘soenen se by my ek in skat fine'.

 

Sa gie alle oandacht út nei dizze needsaaklike aktiviteiten foar hús, wylst der ûndertusken efterhûs in hiele oare graver aktyf wie: Momfer de Mol. Hy makke mei syn graafklauwen in tunnel dwers troch de blomperkjes en de bleek. Momfer is in hurde wurker, yn ien dei tiid in tunnel; dêr kinne se by Ljouwert noch wat fan leare.

It positive by al dat graven yn e tún is dat jo nijsgjirrich wurde nei wat der allegearre - njonken buizen, kabels, liedingen en tunnels - ûnder de grûn te finen is. Undersyk op ynternet leveret bygelyks op dat it yn sûne grûn optilt fan belangrike, foar de biodiversiteit, en dus de agraryske sektor, ûnmisbere natuerlike organismen. Wisten jo dat der yn ien teeleppel sûne, fruchtbere grûn mear organismen sitte dan der minsken op ierde binne? Ik net.

 

Us boaiem is ek nochris in spûns, want hy nimt oertallich reinwetter op en is sa oerstreamingen yn't foar. Reden foar guon gemeenten tegeltunen út te bannen mei tegeltax. De boumerk dy't krekt rûnom karren fol siertegels en sân levere hie, advertearret no mei túngrûn, planten, gerssied en skoffels.
In sûne natuerlike boaiem is goed foar de ekology, ekonomy en ússels. Wês sunich op dizze skat.

 

Sicco Rypma.



Stypje ús Wurd lid


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)