Logo FNP

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

COLUMN De stien wk 37

It is oare wike wer Fredeswike. In wike lang oandacht foar frede. Doch mei, it is heechnedich. Der binne hjoed-de-dei wrâldwiid 65 miljoen minsken op e flecht.

65 Miljoen slachtoffers fan ûnderdrukking, oarloch en terreur sykje frijheid en ûnderdak. Hooplik kriget de fredeswike krekt safolle oandacht as alle oarloggen en macho gedoch fan de ‘grutte' lieders. In wike lang frede, gjin oarloch, dát soe wat wêze.

"As Frijheid op de proef steld wurdt, moatte we har stevich omearmje", wie it motto 4 maaie dit jier. Tekstskriuwers wurde faak ynspirearre troch de rop om frijheid en frede en dat we der sels wat oan dwaan kinne, alle bytsjes helpe.

 

Bygelyks, in gedicht of liet skriuwe:

 

‘Hûs fan Stilte' (Tsjits Peanstra)

Lit ús in hûs fan stilte bouwe / mei muorren fan leafde / en in dak fan frede / 

mei keamers fol blydskip / en in tún, in tún mei wat ljocht en wat skaad /

mei wat sjongende fûgels / en in slûgjende kat op it paad.

 

‘De Steen' (Bram Vermeulen)

Ik heb een steen verlegd in een rivier op aarde / Nu weet ik dat ik nooit zal zijn vergeten / ik leverde bewijs van mijn bestaan / Omdat, door het verleggen van die ene steen / het water nooit dezelfde weg kan gaan.

Doch mei. Stek in kears oan, stoart jild, organisear in fredesmiel, bid foar frede, winskje inoar frede ta, rin tongersdei 21 septimber mei yn de Walk of Peace yn Ljouwert. Smyt in stien yn in rivier.

 

Sicco Rypma.



Stypje ús Wurd lid


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)