Logo FNP

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

COLUMN Op knibbels

Se binne los yn Den Haach. Nei in hiele lange oanrin weaget de nije ploech no de sprong yn it djippe. Op de dei dat ik dit stikje skriuw seach ik bylden fan ûnwennige nije politisy de politike arena ynstappen. Want in arena is it. Der wurdt hurd striden en flink teater spile. Mar der wurde ek besluten nommen, sa is dat regele yn ús lân.

 

En doe gie it los. It komt net goed mei Nederlân en we hearre tagelyk wa syn skuld it is. It giet net goed mei ús lean, soarch, keapkrêft en belesting. En it is de oar syn skuld. De opposysje probearret de krappe koälysje op knibbels te krijen.

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân sit der ek in nije regearperioade oan te kommen. Jo, en mar leafst 70.138 oaren, binne oproppen om woansdei 22 novimber in nije gemeenteried te kiezen. By de gemeente giet it oer alles wat ticht by de minsken stiet. Soarch stiet mei stip op ien. Mar ek it leegjen fan de kontener en it ûnderhâld fan diken en fytspaden; dat der betelbere huzen binne en wurk foar elkenien. En wat te tinken fan foldwaande jild foar ûnderwiis, sport, doarps- en wykgebouwen en kultuer.

 

Yn Den Haach beslute 150 keamerleden oer Nederlân, yn Súdwest-Fryslân beslute 37 riedsleden oer jo. En hoewol't der ek hjir striden wurdt, ha ik noch nea ien op knibbels lizzen sjoen. Dat sil alles te krijen hawwe mei ús foarfaar

Gemme van Burmania (1523-1602) dy't sei ‘Wy Friezen knibbelje allinne foar God'.

Sicco Rypma.



Downloads:
Th.jpeg


Stypje ús Wurd lid


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)