Logo FNP

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

Kollum wike 49 Tradysjes

 

Tradysjes

As jo jierdeifiere krije jo kado's. Famylje en freonen hawwe harren fantasy gean litten, wat moais kocht en it kreas ynpakt. "Fan herte lokwinske en asjebleaft, dit is foar dy". Pak it kado dan daliks út, want it is mei soarch útsocht en it is altyd in ferrassing.

Dat is by it Sinteklaasfeest krekt oarsom. Dan hawwe jo sels in ferlanglist makke en fia skoech of sok Sinteklaas witte litten wat jo in leafst hawwe wolle. De spanning bliuwt der yn oant pakjesjûn 5 desimber, komme jo winsken dan écht út? De desimbermoanne is wol feroare want mei de Krystdagen binne der tsjinwurdich ek al pakjes en rymkes.

 

Foarhinne hiene oansteande breidspearen ek ferlanglisten. Sy makken dan saneamde kadoboekjes. Jo skuorden dêr dan in bledside út wêr in útknipte ôfbylding fan it winske kado op stie. Meastal gie it dan om saken as strykplanke, drûchrek en  foarried bussen. Alles fan it merk Brabantia want dat hiene Brouwers Bazaar by ús yn it doarp en van den Oever yn Boalsert altyd op foarried.

Sa koe‘t wêze dat it folsleine bestjoer fan de fuotbalklup op it poadium fan de folle feestseal stie om it breidspear in Brabantia húshâldtrep oan te bieden.

 

Mei it ‘hokken' kaam de klad yn it kadoboekje systeem. De trend waard earst  oefenje en letter trouwe. As der dan al in troufeest kaam, hiene jo alles al. Dat moast wenne, ek foar de famylje en it fuotbalbestjoer.

Sa sjogge jo mar, ek tradysjes feroarje.

 

Sicco Rypma

Stypje ús Wurd lid


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)