Logo FNP

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

COLUMN | Gjin twivel mooglik wk 21

Nl9005 12

De flearmûs fljocht. Heech tiid foar de folgjende útdaging yn Hanzestêd Boalsert: bygelyks de bou fan Histoarysk Sintrum Westergo, mei ûnderdak foar gemeenteloket, musea en biblioteek. It gehiel wurdt in ‘Huis van verhalen, bewaarplaats, broedplaats, vindplaats, vrijplaats' sa lêze we. Haaddoel is it presintearren fan de skiednis fan de gemeente Súdwest-Fryslân en har foargongers. En dy skiednis is ryk, sjoch allinnich marris nei de opgraving op it Broereplein.

Provinsjaal ha we Tresoar yn Ljouwert en lanlik it Nasjonaal Argyf yn Den Haach mei hast tûzen jier skiednis yn 137 km argiven, 15 miljoen foto's, 300.000 kaarten en tekeningen en 800 terabyte oan digitale bestannen. Dit argyf wurdt ek wol ús nasjonaal geheugen neamd. By jo en my thús hat de kompjûter in belangryk geheugen. As dat fol driget te rinnen keapje we der wer fermogen by. We wolle alles opslaan en bewarje.

It meast nijsgjirrige en tagelyk riedseleftichste geheugen is fansels it minsklik brein. Prof. dr. Erik Scherder fertelt faak hiel pasjonearre hoe't dat funksjonearret. Yn de praktyk brûke hieltyd minder minsken it eigen geheugen, want we kinne alles ommers opsykje, googelje. Op dy wize traine we ús eigen geheugen minder, mei as effekt dat we heare: ‘dy memo kin ik my net heuge'.

We nimme dat foar wier oan en kinne net bewize dat it net sa is. Minsken sizze wolris wat oars dan wat se tinke. Dus tocht ik, soe it ek wat wêze dat der in app komt wêrmei we in oar syn gedachten lêze kinne? Dan is der gjin twivel mear mooglik.



Stypje ús Wurd lid


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)