NIJS   31-01-2016


Utnûging temajûn "De takomst fan de soarch yn Súdwest-Fryslân"

Boarne foto: Buurtzorg Nederland

Wannear: 

Moandei 29 febrewaris 2016 

 

Wêr:            

Boalsert - De Groene Weide, Snekerstraat 2, 8701 XD 

 

Tiid: Ynrin fanôf: 19:30 oere Oanfang: 20.00 oere

  

Sprekker: Jos de Blok, topûndernimmer en oprjochter fan Buurtzorg Nederland  

 

Wêrom in temajûn oer de takomst fan de soarch yn Súdwest-Fryslân?

  

We ha te krijen mei nijsgjirrige ûntwikkelingen yn de soarch; oan de iene kant de merk dy't him ûntwikkelet en oan de oare kant it publike kollektyf dat sûnder bemuoisoarch fan de oerheid trochpakt. Topûndernimmer en oprjochter fan thússoarch organisaasje Buurtzorg Jos de Blok nimt ús 29 febrewaris mei yn syn tinken oer hoe 't de soarch organisearre wurde moat. Ek fertelt hy wêrom ‘t syn bedriuw Buurtzorg sa suksesfol is en wêrom oft hy in nije soarchfersekerder oprjochtet.

 

Hoe kin (as moat) de gemeente ynspylje op dizze nije ûntwikkelingen? En hat de gemeente mei de gebietsteams, as soarchregisseur, genôch ynfloed op de soarch oan har ynwenners? As: moat de gemeente überhaupt mei har gebietsteams wol ynfloed op de soarch ha?

 

Betelber en berikber

In hoop fragen wêr de FNP mei oan de slach wol yn 2016. Oandacht en omtinken jaan oan de soarch. De gemeente, de polityk en soarch sels kin hjir noch in hoop slaggen yn meitsje. Strak stjoere op ‘e sinten is maklik, mar no moatte wy mei syn allen soargje dat it jild brûkt wêr it foar bedoeld is. Nammentlik goede, betelbere en berikbere soarch foar jong en âld!

 

De wichtichste ynsidint oangeande de soarch yn ús gemeente wie wol it opsizzen fan it kontrakt troch thússoarch Súdwest-Fryslân begjin 2016. Bysûnder omdat beide, gemeente en thússoarch, it publike belang foarop hawwe moatte. Jild - hoe wichtich ek - soe net de ynset wêze meie yn in striid tusken publyk betelle organisaasjes.

 

Oan ‘e oare kant: miskien is it op himsels wol winst dat we yn ús gemeente allinnich mar praten ha oer it jild... We hiene it ek oer ynsidinten hawwe kinnen! Of krekt as yn guon oare gemeenten oer it skrassen fan de húshâldlike help. Yn Súdwest-Fryslân wie dat net it gefal. Mar wy moatte no fierder troch mear oandacht en omtinken te jaan oan de soarch sels.

 

Fernijende oanpak

Oeral yn it lân binne inisjativen oangeande soarch. Sa is der de organisaasje Buurtzorg dy't soarch lytsskalich organisearret yn selsstannige teams dy't lokaal wurkje. In tige fernijende oanpak yn fergeliking mei de reguliere thússoarch organisaasjes. Ek hawwe guon doarpen en wenwiken yn ús gemeente in eigen soarchteam dy't lytse helpfragen besiket op te lossen yn it doarp en wyk sels. Troch bygelyks ferfier nei in sikehûs ôfspraak te regeljen.

 

De FNP-SWF nûget jo fan herte út mei te tinken oer hoe 't de takomst fan de soarch der útsjen sil. Wy hoopje dat ús top sprekker Jos de Blok tegearre mei jo soargje foar in ynspirearjende jûn!

    

Fuort mei kontrôle en wantrouwen op de wurkflier, fuort mei djoere managers en overhead. Hoe 't in simpel idee út Twente as in wiere revolúsje de wrâld feroveret. Sjoch dizze link:

 

http://brandpunt.kro.nl/seizoenen/2015/afleveringen/24-02-2015/fragmenten/de-zorgprofeet

 

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer