FNP riedslid Douwe Blom fersoarge de ôftraap: "De fraach is no hoe geane we tûker mei it jild om en hoe tille we de soarch nei in heger peil. Dit is ambiteus en onmooglik as je gjin rjochting hawwe. Derom jouwe wy as FNP graach mei dizze jûn en jo ynbring yn de diskusje de oanset ta in fizy op de Takomst fan de Soarch yn SWF".
(folsleine tekst sjoch ûndersteande Link
FNP Súdwest-Fryslân organisearret tradisjoneel alle jierren in temajûn. We kieze dan earst in aktueel ûnderwerp en sykje dêr in sprekker mei in útsprutsen, innovative opiny by. Sa ûnstiet der altyd in sûne ynter-aksje en diskje mei de gasten. Dat is ek ditkear slagge. De FNP hie Jos de Blok al yn oktober 2015 ree fûn om te sprekken. Syn fyzje ‘menselijkheid boven bureaucratie' sprekt in protte minsken oan.
Nei de ynlieding fan Jos de Blok krigen álle oanwêzigen de gelegenheid
om te reagearren en fragen te stellen. Dêr is goed gebrûk fan makke.
Der is fuort en daliks nei de ynspirearjende jûn in ferfolchôfspraak mei Jos de Blok makke om mei ferantwurdliken út de soarch en de oerheid fierder te praten oer de takomst fan de soarch yn Súdwest-Fryslân.
It antwurd op de skriftlik stelde fragen folget.
Ynformaasje
Dizze temajûn is mei-mooglik
makke troch stipe fan de OSF
FNP Súdwest-Fryslân
T 0515 579476