20-11-2019 - Herskikking middels Untwikkelaginda De FNP fynt dat it kolleezje fan Súdwest-Fryslân te maklik skowt mei jild yn de Untwikkelaginda. De ambysjes foar it tema Ut de mienskip wurde net wier makke. En noch foar dat der serieus wurk fan makke is krijt it jild in oare bestimming. Yn de ried hat de FNP in amendemint ynbrocht om foar te kommen dat it jild net langer beskikber is foar Ut de mienskip.
29-09-2019 - Fragen FNP oer ferpaupere pân It Noard 55 yn Warkum Warkum is ien fan de 11 stêden fan Fryslân. Warkum hat it moaiste plein fan Fryslân en is ryk oan moaie gevels. It Noard en it Súd binne oanwiist as beskerme stedsgesicht. Binnen dat beskerme stedsgesicht wurde de gevels goed ûnderhâlden, útsein it pân Noard 55 Warkum. Sûnt begjin 2000 ferpaupert it hyltyd mear. De ynwenners fan Warkum steure har deroan en freegje har ôf werom der neat bard.