NIJS   27-11-2019


Temajûn ‘New deal tusken Boeren en Mienskip’.

Rijksbouwmeester van Alkemade:
‘De stad kan niet bestaan zonder het ommeland'


"New deal tusken Boeren en Mienskip’" (FNP Súdwest-Fryslân)


Van Alkemade sprekt woansdei 27 novimber 19.30 oere (ynrin: 19:00) by de iepenbiere temajûn yn it Dielshús fan Wommels. It giet dan ûnder oare oer de ynrjochting fan ús lânskip en gebrûk fan ús grûn.

 

 

Rijksbouwmeester Floris van Alkemade is bekend fan de ‘New Deal tusken Boeren en Mienskip'. Hy nimt dêrby in earlik ynkommen foar boeren, in sûne boaiem en in oantreklik lânskip as útgongspunt.

 

De twadde sprekker is Theo Mulder. Syn boadskip is ‘Buorkerijen binne de apoteken fan de takomst'. Hy leit de relaasje tusken sûne grûn, sûn iten en de sûnens fan minsk, plant en bist.

 

Nei beide sprekkers is der diskusje en kinne der fragen steld wurde oan in foarum dat foarme wurdt troch beide sprekkers, arsjitekt Nynke Rixt Jukema ek bekend fan it projekt ‘Feel the Night', Gosse Beerda, ûndernimmer, ûnder oare fan de fjoertoer yn Harns, Gerben Gerbrandy, ûnder oare 1e Keamerlid en bestjoersfoarsitter fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân, is gesprekslieder.

 

De temajûn begjint om 19:30 oere. De organisaasje is yn hannen fan FNP Súdwest-Fryslân.



Tags: lanbou

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer