NIJS   20-11-2019


Herskikking middels Untwikkelaginda

De FNP fynt dat it kolleezje fan Súdwest-Fryslân te maklik skowt mei jild yn de Untwikkelaginda. De ambysjes foar it tema Ut de mienskip wurde net wier makke. En noch foar dat der serieus wurk fan makke is krijt it jild in oare bestimming. Yn de ried hat de FNP in amendemint ynbrocht om foar te kommen dat it jild net langer beskikber is foar Ut de mienskip.

Yn de ried fan 14 novimber waard de de Untwikkelaginda 2019-2023 behannele. Wat opfalt is dat der in nije finansjele ferdieling plak fûn hat oer de ferskillende tema's. It is logysk dat it tema Duorsume Untwikkeling der oan ta heake is. Dat freget om in nije finansjele ferdieling. No is hjir ynearsten in beskieden 482.000,-oan labele. 

 

Derneist is der mear jild oan de IJselmeerkust takend. En is it beskikbere budzjet foar de Ut de mienskip flink minder wurden. It is foar de FNP-fraksje ûnfoldwaande dúdlik wêrom no middels oer dizze tema's herskikt wurde. Riedslid Douwe Blom seit it sa: "Feitliks meitsje we no in balâns op fan wat de ûntwikkelaginda oant no ta brocht hat en wat der lizzen bleaun is. Alles dat lizzen bleaun is en noch hieltiten aktueel en belangryk, it freget om mear ynset en fokus."

 

Ek ûnfoldwaande dúdlik is wat de prioriteit is om no in herskikking te dwaan fan middels oer de ferskillende tema's fan de ûntwikkelaginda. Foar de FNP hat it tema Ut de mienskip binnen de ûntwikkelaginda net minder prioriteit dan de oare tema's. Ek de ried hat al earder dat gefoel kenber makke. Want op 15 juny 2017 is unanym ekstra middels binnen de ûntwikkelaginda takend oan dit tema om in better finansjeel lykwicht tusken de tema's te krijen.

 

De aginda Ut de mienskip is benammen bedoelt om projekten te finansieren dy út de saneamde klusteraginda's as prioriteiten nei foaren kommen binne. Yn de foarige riedsperioade is der flinke ynset frege fan ús ynwenners op dizze klusteraginda's. Us gemeente is opdield yn ferskillende klusters wêryn ynwenners oan de gong gien binne mei de fraach wat der nedich is foar de takomst. Dy útkomsten wienen dúdlik, foar fierwei it grutste part oerienkomstich, en hawwe ferwachtingen wekt.

 

Oant no ta hat it kolleezje ûnfoldwaande útfiering jûn oan de prioriteiten út de klusteraginda's, sa as feilige fytspaden, ontmoetingsplakken, snel ynternet. Der is allinnich jild útjûn oan ûndersiken en noch foar dat de útkomsten fan bygelyks it ûndersyk nei moetingsromte bekend is, wurdt it beskikbere jild al fuorthelle en oars ynset.

 

It amendemint dat FNP ynbrocht hat om it jild beskikber te hâlden foar de Ut de mienskip koe net rekkenje op stipe fan de koalysjepartijen. Derby foel op dat der net yngong waard op de arguminten, hja werhelle allinne dat hja kolleezje folgje. It no ôfwachtsje oft it kolleezje noch wat dwaan sil mei de útkomsten fan de klusteraginda's of dat allinne ûndersykje foar har folstiet.

 

 

 

 

 

 



Tags: wenje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer