NIJS   23-11-2019


skôging programbegruttting 2020 en mearjierrenrûzing 2021-2023

Programbegrutting 2020 en mearjierrenrûzing 2021-2023.

 

 

Der binne grutte tekoarten by de gemeenten yn tsjinstelling ta de 11 miljard euro oerskot by it Ryk.

It giet hjirby benammen om soarchtaken dy't de gemeenten fan it ryk oernimme moasten

dy't  ek ús gemeente mear jild kostet dan it ryk dêrfoar beskikber steld.

Terjochte dat wy as Súdwest-Fryslân mei oare gemeenten ( fia feriening fan Fryske Gemeenten) in brânbrief nei Den Haag stjoerd hawwe oer de oprinnende tekoarten.

Ek yn de 2e keamer is hjiroer oan de bel lutsen, hooplik komt der in strukturele finansjele oplossing foar dit urgente probleem.

 

It jier 2020 sil yn it teken stean fan de trochûntwikkeling fan it Sosjaal Domein,. Hjirby stiet  de ynwenner sintraal.

Tagelyk wol it kolleezje besunigje .op de jeugdsoarch en skuldhelpferliening en fersobering fan de Húshâldlike Help. Ek it it fersoberjen fan it fekânsjeoanbod minima wurdt neamd as mooglike besúniging.

 

De FNP makket har soargen oer de besunigingsambysje op it sosjaal domein.

En fynt dat der altyd socht wurde moat om effisjenter te wurkjen, mar dat dat net ten koste gean mei fan ús ynwenners dy't echt soarch nedich hawwe.

 

Der is in grut ferlet fan goed persoaniel yn de soarch.

Kolleezje kiest foar in Maritiem Cluster ( 1 miljoen ynvestearingsagenda). Konkrete plannen hjirfoar ha wy noch net sjûn.

De  FNP fynt dat der  dêrom earst sjûn wurde moat at der earst net in Soarch Campus komme moat.

 

Ek it stikstofbelied hâldt ús yn de besnijing.

Dit hat grutte gefolchen foar boeren, bouwers en boargers.

Troch stringere miljeuregels fan it Ryk stiet ek it grûn en baggerwurk foar in grut part stil.

Dit freget om in goede oanpak troch ryk, provinsje en gemeente.

Dúdlik moat wol wêze dat it stikstofprobleem fan ús allegearre is en wy it mei elkoar oplosse moatte.

 

Wy binne de grutste gemeente  (kwa opperflak) fan Nederlân, om de sosjale gearhing en leefberens te fergrutsjen hat de ried yn it begjin fan ús gemeente besletten om it unike   Kearnebelied yn te stellen..

De doarp en wykkoördinatoaren ha in soad tiid en enerzjy yn de kontakten mei doarp, wyk en stedsbelangen stutsen.Hjir kinne wy grutsk op wêze.

 

De FNP-fraksje heart  by doarp-wyk- en stedsbelangen dat der dêrneist ferlet is fan mear spesjalistyske stipe.

Dy't mei harren oparbeidzje wannear der nije ûntwikkelingen binne , of wannear at der keuzes makke wurde moatte.

Dy  meitinke en sykje nei hoe't it wol kin.

Der binne sawol by de gemeente,provinsje as ryk regelingen om frijwilligers organisaasjes te stypjen.

Dizze organisaasjes (doarpsbelangen,ferienigingen,MFC's en Sport ensf.) moatte pro-aktyf troch de gemeente nei regelingen lieden wurde.

Doarp-en wykkoördinatoaren krije as earsten dizze sinjalen, dy moatte ien op ien troch eksperts oernommen wurde, mei in fêst kontaktpersoan dy't foech hat om dit troch te setten yn de organisaasje.

 

 

Kommunikaasje is hjiryn fanselts hiel wichtich.

As boargers krekt as by de Programbegrutting yn de krante lêze dat harren fuotbalfjild of gymseal ticht moat, dan soarget it terjochte foar in protte ûnbegryp en ûnrêst.

 

Troch de gemeente wurdt gauris in berop dien op ynwenners om mei te tinken en dêre wurdt goed gebrûk fan makke.

Dan is it fanselts ferbjusterjend dat der yn de  ferhâlding tusken de boargers en de polityk troch miskommunikaasje wer in grutte kloof ûntstiet.

 

 

De FNP fynt dat wy nei aard en skaal ynvestearje moatte yn de leefberens yn de hiele gemeente.

Dêre binne foarsjenningen lykas feilige fytspaden en moetingsromten foar nedich.

De FNP fynt it dan ek in miste kâns dat de presintaasje oer de Doarpshuzen en Wykgebouwen 4 dagen néi de begrutting fergadering plakfine sil.

 

Foar de FNP is de Leefberens foar alle 89 stêden en doarpen wichtich, dêre hearre foarsjenningen by.

 

It is in goede saak dat we Súdwest-Fryslân posityf op ‘e kaart sette, mei alles wat we te bieden hawwe, sadat de minsken sizze : Súdwest-Fryslân, dêr wol ik wenje, wurkje, fytse of farre.

 

Wat de FNP oanbelanget jildt dat foar al ús hjoeddeistige en takomstige ynwenners, ûndernimmers , ynstellingen en al dy aktive frijwilligers dy't meiinoar ús mienskip foarmje.

 

Tink grut, hannelje lyts.

 

 

Dan wol ik út namme fan de fraksjes fan FNP,CU,D66,GBTL,PoieszZijlstra,Semplonius en de Wind ús moasje yntsjinje. Nea earder wie de lânbou en it lânskip sa yn it nijs.

Op side 35 fan de begrutting stiet: dossier landbouw in een vitaal landschap uitwerken.

En dat ús gemeente hjir it foartou yn nimme wol en har profilearje wol as eksperiminteargebiet.

Dit dossier is kompleks, tariedingen binne west, mar it is wol urgent, it komt der no op oan.

Wy wolle it kolleezje oproppe:

Diktum:

Fersiket it kolleezje foar april 2020 konkrete útwurke plannen oan de Ried foar te lizzen.

 

FNP Corrie Bergstra klein

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

C.J. Bergstra



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer