In grut tal E-auto-eigners yn Súdwest-Fryslân hat gjin eigen oprit en parkeart de auto ûnder it opladen foar hûs op de iepenbiere dyk.
Oplaad kabels lizze dan fan út hús oer de stoepe nei de auto, mar dat mei offisjeel net. FNP riedslid Tsjerk Bouwhuis: "Wat ús oanbelanget moatte dizze minsken dochs de mooglikheid hawwe om de E-auto op te laden, bygelyks mei stroom fan eigen sinnepanielen".
Dêrom hat FNP Súdwest-Fryslân dizze wike boargemaster en wethâlder frege om belied te meitsjen foar saneamde kabelgoattegels yn stoepen.Dat is goedkeaper, praktysker en duorsumer dan laadpealen yn de iepenbiere romte.
Tsjerk Bouwhuis