Douwe Blom - Riedslid
Ik bin Douwe Blom en wenje yn Drylts. Yn Súdwest-Fryslân wenje ik mei folle nocht. Wat my oanbelanget ha wy
hjir alles wat it libben moai makket. It brûst hjir alle seizoenen! En
rêst, romte en natuer binne noait fierder fuort dan in amerijke fytse,
rinne of farre.
Yn myn frije tiid doch ik mei folle nocht en wille oan karate. Ik assistearje by
lessen, bin frijwilliger by eveneminten en train natuerlik
regelmjittich.
Polityk ha ik altiten nijsgjirrich fûn. De FNP is myn partij, in partij fan romtinkende en pragmatyske minsken.
Ik bin er fan oertsjûge dat wy Friezen bêst yn steat binne ús eigen
takomst foarm te jaan. Wy hoege hjir net in Hollân yn it lyts te wêzen,
lit ús mar in Fryslân yn it grut wêze.
Ús taal, aard en kultuer binne fan in kwaliteit dy’t wy net fersmite
moatte. As riedslid tink ik mei hoe’t de FNP hjir wach foar stean
bliuwe kin.