Liskje Flapper

liskje

Wenplak:Burchwert

 

E-Post:liskjeflapper@hetnet.nl

 

Tillefoan:0515-575167

 

skaadfraksjelid Boarger 

en Mienskip



Myn
namme is Liskje Flapper. Ik wenje yn Burchwert mei man en bern. Ik wurkje oan
de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert en jou dêr Frysk op de pabo en skiednis op de
learare-oplieding Frysk. Yn myn frije tiid mei ik graach lêze, fytse, túnkje en
hantwurkje en bin ik dwaande mei ûndersyk nei wurk en libben fan boerinnen en
boerefammen yn it ferline.

Al gau doe't ik yn Burchwert kaam te wenjen bin ik lid wurden fan de FNP. De FNP
sprekt my it meast oan omdat dy ticht by de minsken stiet, harkje wol nei wat
der ûnder de minsken libbet en opkomt foar de belangen ús eigen mienskip. Wurk
en noflik wenjen binne fan grut belang en dêrby moatte wy it eigene fan ús
lânskip en kultuer net út it each ferlieze.

Ik ha yn de wurkgroep FNP-froulju sitten en yn de gemeenterie fan Wûnseradiel. Op
dit stuit sit ik yn de skaadfraksje fan de gemeente Súdwest-Fryslân en bin ik
plakferfangend lit fan de kommisje Boarger en Mienskip. Foar de steatefraksje
fan de FNP bin ik earste opfolger en lid fan de provinsjale kommisje Lân, Loft
en Wetter.
Mei in soad nocht en niget folgje ik de gemeentlike en provinsjale polityk en wol
ik my ynsette foar in leefber en eigensinnich Fryslân.



2023 FNP Fryslân - Disclaimer