Logo FNP

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

Kollumn wike 37-2018

Oan ‘e Tap

Molke frou

Nei syn berte krigen we as skoalbern in molkebeker mei syn namme der op: Willem-Alexander Claus George Ferdinand. Juffrou Trees lies de brief dy't der by siet foar.

No 51 jier letter moat ‘r as Koning der Nederlanden op de tredde tiisdei yn septimber de Troanrede foarlêze. Njonken syn frou koningin Máxima, tsjinoer in Ridderseal fol leden fan de Staten-Generaal en oare pommeranten.

 

Hoe't hy ek ek syn bêst docht, it foarlêzen fan in troch in oar skreaun boadskip is  ûngemaklik omdat it jo eigen styl net is en omdat jo it sels net betocht hawwe. Sa hearden we yn de rede fan 2017: ‘De regering investeert € 270 miljoen in de verbetering van het primair onderwijs'. Ik wit net hoe't jimme gie, mar ik seach de kening tinken: "hmm goede saak, mar krijt ús Amalia no ek ekstra les yn foarlêzen".

De Troanrede is troch Rutte skreaun. Tekstskriuwers binne ynfloedryk; se skriuwe  lange teksten mei ôflieding as doel, teksten mei in protte krêfttermen om stimming te meitsjen en hiele koarte teksten om ús ta keapjen te oertsjûgjen (Heerlijk Helder Heineken). De Troanrede is in wichtich boadskip.

 

No freegje ik my ôf wat der bart as de kening him tiisdei by it foarlêzen fersprekt. As hy net ‘welvaart' mar ‘wijnkaart' seit. Wat is dan liedend en hat dat ynfloed op ús wolwêzen?

Dêrom advisearje ik him: nim moarns in flinke slok stimulearjende biomolke fan de nije Molke Tap fan Aldegea SWF, út eigen bertebeker.

 

 



Stypje ús Wurd lid


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)