Logo FNP

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

FNP Súdwest-Fryslan

Frysk | Nederlands

Kollum wike 45

Yn ‘e prizen

Vinea

 

Der is krapte op de wenningmerk, dus stige de prizen wer hurd. Op nei de folgjende bubble? Lit it jo net oerkomme. It kin ek oars, sjoch mar ris om jo hinne, mei in bytsje fantasy hast samar in unike wenning.

 

Yn in wike tiid seach ik alderhande plannen foarby kommen, sa as: wenje boppe in winkel, 13 studio's yn in earder Hotel, winkel ombouwe ta wenhûs, skoalgebou wurdt wenning mei wurkpleats, sliepkeamer yn garaazje, apparteminten yn in pakhûs, yn de stâl fan in stjelp komt in kangeroe wenning en in penthouse yn in earder kantoar. Mar ek oare funksjes binne populêr, sa wurdt yn Boalsert it eardere stedshûs omboud ta museum, der wurde kantoaren yn gashâlders en tsjerken boud, minsken offerje harren garaazje op om thús te wurkjen. Lêsten hearde ik ien opskeppen dat ‘r in folsleine bioskoop yn hûs hat.

 

No wer nei it wenjen. By ús yn it doarp wenje der minsken yn de eardere grientewinkel, slachterijen, kapperssaken, klompewinkel, timmersaak, krudenierswinkels, kafee anneks bakkerij, naai-atelier, bazaar, smidderij, molkekontrôle laboratoarium, koetshûs, ferverssaak, wykgebou, bank, postkantoar en bewarskoalle. Yn studintestêden is wenje yn konteners populêr. Ik kin minsken dy't yn in gemaal wenje, yn de klaairomte fan de fuotbalklup, of yn in wettertoer en sels ien yn in piramide.

 

Hawwe jo ek sa'n plan, nim dan in kundich arsjitekt yn hannen sadat jo letter sizze kinne: gjinien hat sa'n unike wenning as ús ! Miskien komt jo wenning dan wol yn oanmerking foar de Vredeman de Vries Priis foar Arsjitektuer, dizze wurdt mei koarten wer útrikt.

 

Sicco Rypma  



Stypje ús Wurd lid


Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)