Jild docht wat mei minsken

Dizze wike wie de dokumintêre oer de Postkoade Lotterij winners fan Eastermar wer te sjen by Omrop Fryslân.

Mei namme de persoanlike ferhalen wat it mei minsken dien hat. Op de jûn dat de útslach kaam, wie der bewaking yn it doarp. In standert proseduere fan dizze Lotterij.

Ferline wike publisearre de Staatloterij dit boadskip: "De Staatsloterij Mega Jackpot staat op €22.000.000. Droom maar even lekker weg...".

Sa'n berjocht docht wat mei minsken. Jild docht wat mei minsken. Dat hat de Staatloterij ek troch; we wurde ferlieden om lotten te keapjen. No binne lotterijen oan rigels bûn, wa't de priis wint, is foarôf net bekend, dat regelt de notaris. En as it dan raak is, as jo dan winne, krije jo nei it hoera-momint help fan in begelieder, psycholooch.

 

De haadpriis binnen slepe bart ek wolris sûnder notaris; bygelyks mei de bou fan wynturbines, it boaren nei gas of it winnen fan sân. Dat is ommers hartstikkene lukratyf. It ferskil mei de Staatsloterij Jackpot is, dat hjir de winner foarôf wól bekend is: de ynvestearder. Dizze moat der wol rekken mei hâlde dat omwenners en gemeenten in hekel oan oerlêst hawwe. Dêr hawwe se wat op betocht: jo wurde ferlieden der mei yn te stimmen, mei as tsjinprestaasje in flink stik fan de taart, sûnder begelieder, psycholooch.

Noch ien. By ús yn e gemeente is sûnt 2015 in Undernimmersfûns ynsteld. De opbringst wurdt fia de OZB ynbard en ien-op-ien útkeard as subsydzje oan it fûns. Lokale ûndernimmersferiening meie it besteegje oan inisjativen dy't ‘de economische structuur van Súdwest-Fryslân versterken'. Mar omdat men der yn it gros fan de 89 doarpen en stêden gjin heil yn sjocht, klotst it jild no by de plinten op. Dus gie der in berjocht út: "Wy hawwe jild oer, wa hat in aardich idee"? It lit him riede, it die wat mei minsken.

 

En dan by Dokkum, dêr is rebûlje oer in sinnepark. Der wurdt drige mei in miljoeneclaim. ‘Inmiddels is het oorlog', lêze we yn e krante. De Autoriteit Financiële Markten hawwe de direksje fan Powerfield in boete oplein foar ‘ongeoorloofde grondspeculatie'. De lâneigners krije help fan advokaten. Undertusken hat Powerfield it plan trochferkocht oan Nuon. Lês: de winst opstrutsen. Jild docht wat mei minsken.

Is it net heech tiid dat de ‘terugtredende overheid' de regy wer nimt, sels subsydzjes takent en sels ús enerzjy-foarsjenning yn goede banen lieden giet?

 

FNP Súdwest-Fryslân,

Sicco Rypma, riedslid

 

PROFIELFOTO Sicco Rypma kopie



2020 FNP Fryslân - Disclaimer