Kollum wike 10

De Besoarger

By Transport tinke we al gau oan frachtweinen dy't grûnstof nei fabriken bringe of guod fan fabriken nei distribúsjesintra of fan distribúsjesintra nei (web) winkels. As minsken nei dy winkel ride neame we it Ferfier. Dat dogge we mei in auto, bus, trein, taksy, fyts, scooter, rolstoel of bernewein. By ús yn it doarp steane der ek faak trekkers foar de winkel. De riken ûnder ús nimme it fleantúch nei Parys of Londen foar klean.

 

Der is ek ferfier wêrby je de doar net út hoege. Gas, wetter, elektrysk, ynternet, mail en TV komt fia buizen of kabels by jo thús. En dan binne der ek noch besoargers, as we it klapperjen fan de brievebus hearre, leit der post, folders of in krante op de doarmatte, en as de doarbel giet is der in pakje.

Ferhipte handich, mar der sil de kommende tiid in protte feroarje. Ek it ferfier is yn beweging. Ik doch in foarsizzing: yn e takomst komt der wetterstof út de gasbuis, wurdt de kabel ferfongen troch glêstrie, komt it elektrysk út e grûn of fan it dak, giet ynformaasje troch de loft, binne alle kranten digitaal en komt boartersguod út 3D printers. Tagelyk freegje ik my wol ôf: hoe komt it mei al dy besoargers as aansten PostNL, TNT, DHL, DPD, FRL, Piet Post en UPS fusearre?

 

Wat ik misse sil, is de service fan myn krantebesoarger, dy't nettsjinsteande de stoarm moarns betiid yn it tsjuster dochs de krante brocht en de muoite naam om myn fuortwaaide griene bus feilich te stellen.

Sicco Rypma




2020 FNP Fryslân - Disclaimer