Kollum wike 14

Wat we net sjogge, diel II

Yn jannewaris hie dizze column ek al de titel ‘Wat we net sjogge'. Doe gie it oer giftige dampen, stikstof en strieling. Der kaam reaksje op, oer it spuitsjen fan lânbougif en de gefolgen foar de folkssûnens. It is in hiel dossier wurden.

Dizze krante wurdt, hooplik, woansdei 1 april by jo thús besoarge. Ditkear kies ik mar net foar de 1 april grappen en grollen; mar wol, hoe kin it ek oars, foar de slûpmoardner dy't de wrâld op e kop set. Jo sjogge ‘m net mar hy is der wol, en hoe. Kollega Max hie it ferline wike al hiel byldzjend oer de gefolgen fan globalisearring. Ik hâld it tichteby hús.

 

Wat we net sjogge. We sjogge de minsken net dy't der foar soargje dat we alle dagen noch stroom, gas en wetter hawwe. Ek net de sjoernalisten en drukkers fan de no ûnmisbere kranten. We sjogge gjin bern en ûnderwizers op it skoalplein, gjin kastlein efter de tap, spilers en trener op it fuotbalfjild, foargongers op it alter, de kapster ha'k ek al hiel lang net sjoen. We sille gjin publyk en Joadske bern by de Betinking en Befrijingsfeesten sjen. Gjin 11 stêdefytsers yn Boalsert, gjin dravers en rinners op de Slachtedyk.

 

Wat we ek net sjogge is it stofke yn de harsens dat ús oanstjoert om de solder en garaazje op te romjen. Of der foar soarget dat we samar wer oan moarnsgymnastyk dogge of in fier famyljelid of âlde freon opbelje. Hooplik is der ek in stofke dat der foar soarget dat de wrâld better wurdt.

 

Sicco Rypma




2020 FNP Fryslân - Disclaimer