Lid wurde?

  Wy wolle graach mear leden foar de FNP, om sa in hieltyd gruttere achterban te krijen en mear ynfloed yn 'e provinsje en/of gemeente út oefenje te kinnen. Jo kinne op twa manieren lid wurde:

 

1 Allinne fan de FNP-ôfdieling Sûdwest-Fryslan: Dat kin in earste stap wêze om jo sympaty foar de FNP yn ús gemeente merke te litten. Foar mar €5,- yn 't jier kinne jo de ôfdieling al stypje. Jo krije dan meardere kearen yn 't jier de Nijsbrief fan ús ôfdieling.

 

2 Lid fan de provinsjale FNP: Hjirmei litte jo jo sympaty foar de provinsjale FNP merke. De minimale kontribúsje is €27,50 (ûnder 27 jier is de provinsjale kontribúsje mar €16,00 yn 't jier; dat is ek sa foar in 2e húsgenoat dy't lid wurdt). Jo krije dan sa'n 7 kear yn 't jier de Frijbûtser, it provinsjale FNP-blêd.

 

As ôfdielings-lid (opsje 1 hjirboppe) kinne jo folweardich meidwaan yn Sûdwest-Fryslan. Op de ledegearkomsten kinne jo jo miening jaan en ha jo stimrjocht. As provinsjaal lid jildt itselde, mar dan ek op provinsjaal nivo. De ledegearkomsten binne it heechste orgaan by de FNP. Yn in ledegearkomste komt ús achterban by in oar, wurde alderhande gemeentlike saken bepraten, wurde ûnder mear de ferkiezingsprogramma's fêststeld en wurde bestjoersleden en kandidaten foar Gemeenteried of Provinsjale Steaten keazen.

Opjaan as lid en/of mear ynformaasje oanfreegjen kin fia: anke.de.boerfnp.frl of nim kontakt op mei ien fan ús fraksje of bestjoer.



2023 FNP Fryslân - Disclaimer