Wennigkorporaasje Elkien

Wurkbesite op woansdei 20 jannewaris 2016 troch de FNP Súdwest-Fryslân riedsfraksje oan Wenningkorporaasje Elkien te Hearrenfean.

 

Alex Bonnema, direkteur bestjoerder, en Ytsen Strikwerda, strategysk relaasjemanager, fan Elkien yn petear mei FNP'ers Corrie Bergstra,          Sicco Rypma, Jelle Gerbrandy en Tryntsje Wester.

 

 

2010 05 28 04 45 33

 

 

 

Fnp Súdwest-Fryslân hat soargen oer it oanbod fan hierwenningen. Yn 2012 ha wy in enkête holden ûnder de Doarpsbelangen en wykferieningen yn Súdwest-Fryslân om it ferlet fan hierwenningen yn kaart te bringen. Fragen fan ynwenners komme bij ús; Wêrom wurde der noch hieltyd hierwenningen ferkocht. Koartlyn hat Sicco Rypma hjiroer in ‘Te Gast' yn de Ljouwerter krante skreaun. Wy ha mei in protte minsken praten, mar noch net mei Elkien.

 

 

De prangjende fraach oan harren is dan ek:

Wêrom lûkt de korporaasje har werom út de doarpen?

Bonnema: It giet bij Elkien om de foarried fan hierwenten op de lange termyn (50 jier) yn kearnen wêr't ferlet is. De lûk nei de stêd komt út ûndersyk nei foaren.

Hja wolle goede wenningen beskikber ha yn de wat gruttere kearnen. De helte fan harren hierders is yn 2030 70 jier en âlder. Hjir moatte hja klear foar wêze, de nije âldere hat oare easken. Hja wolle de wenningen enerzjy neutraal meitsje en klear foar soarch, as dat frege wurdt.

 

Op it werom lûken út de doarpen is in protte reuring kommen. Mar minsken ferjitte dat in húshâlding mei in sammele ynkommen fan boppe de €35.000,-- gjin kandidaat foar in hierwenning fan de wenningkorporaasje is. Foar harren doelgroep wolle hja de hier ek net heger dan €600,-- yn de moanne ha.

Elkien sjocht harren belied net as weromlûken mar as "afstoten". De wenningen bliuwe, mar net mear yn eigendom fan Elkien. En net alles yn de doarpen is te keap.

 

Mar de fraach bliuwt:

Werom ha wy it dêr noch altyd oer?

FNP: Sadree in hierwenning opsein wurdt, komt de wenning te keap. De trochstreaming yn in doarp is der út. Der binne gjin hierwenningen foar de jongerein. In foarbyld is Wâldsein; Fan de 130 hierwenningen wurde der 65 ferkocht, komt der in wenning frij dan komt dy yn de ferkeap. De ferkeap wurdt stimulearre mei ‘Te Koop' boerden, mar de fraach nei hierwenningen wurdt net oanmoedige mei in ‘Te Huur' boerd.

 

Strikwerda: der binne 65 wenningen oanmerke as geskikt foar ferkeap. Dit binne meastentiids wenningen dy't foar ús doelgroep yn de takomst net of minder geskikt binne, tink oan grutte gesinswenningen en de djoerdere hierwenten. Dizze wenningen wurde nei opsizzen te keap set. As der op dat stuit gjin belangstelling foar is geane se wer werom yn de ferhier. Fierders wolle we ek sjen as we in diel ferkeapje kinne oan belizzers, dertroch bliuwe se beskikber foar ferhier.

 

Bonnema: Elkien moat ek in Ferhierdersheffing ôfdrage oan de Steat. Dat giet bij harren om 10 miljoen it jier, dat is 2 moanne hieren. Dizze heffing is ûntstien trochdat û.o. in grutte korporaasje yn Rotterdam der in potsje fan makke hie. Hja draaie op foar wanbelied yn de Rânestêd.

Dit jild ynvestearren hja ek leaver yn harren eigen huzen. Mei 22.000 wenienheden is Elkien de grutste fan Fryslân. Hjirfan binne 16000 á 17000 fan in heech nivo en 562 binne hja oan it renovearjen. Folkshúsfêsting wol ek de hiertaslach yn de perifery omleech ha. De redenearring is: Hjir kinne de minsken goedkeapere wenningen keapje, dus kin de hiertaslach omleech. Ek de "Woonautoriteit" sjocht oer harren skouder mei oft hja harren oan de Wet en Regelgeving hâlde.

 

Elkien hat dus te meitsjen mei: de Steat (de heffing), Folkshúsfêsting en de Woonautoriteit. Spilet de Bank ek noch in rol? Nee, de Bank skood it ôf. Dat die yn Grou wol bliken dêr't 22 wenningen fersakje en de Bank gjin rol spylje wol.

 

De wenningen dy't hja bouwe moatte 50 jier mei en binne foar de sosjale doelgroep (de minima en de legere ynkommens). Dizze minsken ha de measte kâns om wurk te finen yn de stêden en gruttere kearnen, wêr't meastentiids ek de foarsjenningen binne, dêrom lûke hja der hinne. Elkien spilet hjir op yn, hja bouwe net foar leechstân. No is de fraach yn de doarpen foar de koarte termyn der noch wol. Inisjativen yn lytse doarpen wolle hja stypje. Lytse belizzers dy't plukjes wenningen oernimme wolle, wurkje hja oan mei. En wêr't Elkien somtiden slope moat, besykje hja mei it doarp wer in nije ynfolling te krijen. Sa hat Elkien bygelyks yn  Nijlân 6  keapwenningen mei en foar doarpsbewenners fan de grûn krigen.

 

Sûnt juny foarich jier is de nije Wenningwet fan tapassing; de Gemeenten moatte in wenfyzje opstelle en dernei komme de Wenningkorporaasjes mei prestaasje ôfspraken.

Wat ferwachtet Elkien fan de Polityk?

Hja ferwachtsje dat der foar 1 july 2016 in wenfyzje fan de Gemeente leit en dat Elkien dan mei in bod oan prestaasje ôfspraken komme kin. Hja wolle befoarderje dat it jild dat troch de Fryske hierders opbrocht wurdt ek yn Fryslân bliuwt.

No wurdt it wenningoanbod fia de Wen portefeuille foarlein oan de Gemeente.

 

Lanlik binne der ek plannen om tydlike wenningen foar 15 jier te bouwen. Fleksibele bou dy't op de âlde fûneminten set wurde kinne en wer ferpleatst of ôfbrutsen wannear't dat nedich is. Dizze bou moat noch testen wurde. Foar it plattelân is dit dreech om út te probearjen, 4 flekswenningen yn in doarp is te min om kosten dekkend te wurkjen.

 

Elkien hat mei in protte problemen te meitsjen:

  • Untgriening en fergrizing
  • Gjin trochstream (skeefwenjen)
  • Te folle wenningen yn it midden segmint

2010 05 28 06 12 03 1

 

FNP tanket Bonnema en Strikwerda foar it iepen petear, wy prate ôf:

Elkien sil elts jier in gearkomst belizze foar de fraksjes fan Súdwest-Fryslân. De Wieren die dat foarhinne ek.

De Gemeente, wêrûnder de FNP, sil soarchje dat de Wenfyzje der komt.

 

Ferslach troch Tryntsje Wester (22-01-2016)

 

 



FNP Súdwest-Fryslân fynt dat doarpen én stedswiken in rom oanbod fan betelbere hierwenningen fertsjinje.

Dat wie de oanlieding om mei Elkien om tafel te sitten, we binne gastfrij ûntfongen en der wie in goede diskusje. Wurdt ferfolge.



2020 FNP Fryslân - Disclaimer