wurkbesite bij Friesland Campina te Warkum.

Op Freedtemiddei 17 april om 13.30 oere wienen Corrie Bergstra, Klaas Visser, Jikkie Ruiter en Tryntsje Wester op wurkbesite bij Friesland Campina te Warkum.

 

Wy ha in petear mei de direkteur Boris Kasteel ôfpraten en in rûnlieding troch de fabryk. Dat de rûnlieding wol spesjaal is, blykt al bij de baly. Wy moatte earst de feiligheidsfoarskriften trochlêze, witte dan wêr't it fersammelplak bij ûntromming is en wat foar kleiïngsfoarskriften der jilde yn de produksjeromtes.

Wy stelle ús earst oan elkoar foar: Boris Kasteel wurket no in jier bij Friesland Campina yn Warkum en wennet earst tydlik yn in apartemint. Frysk ferstean en prate kin hij noch net. Dus it petear sil yn it Nederlânsk fiert wurde. Fan de Gemeentelike polityk is hij ek noch net sa op de hichte.

Wy kinne him fertelle dat de Gemeenterie fan Súdwest-Fryslân út 37 riedsleden bestiet, dat de FNP mei 5 minsken yn de Rie sit en dat wy kwa grutte de tredde partij yn de gemeente binne. Dat wy in wethâlder Durk Stoker út Koudum yn it kolleezje ha. 2010 04 18 20 49 14

 

De FNP stelt it op priis om in petear mei Kasteel te hawwen, dêr't op it stuit wichtige saken spylje. Wy sille it ha oer de wurkgelegenheid, de skaalfergrutting en de duorsumens.                                                                                                                          

Friesland Campina Warkum is ien fan de grutste wurkjouwers yn de Gemeente, mei tiidlike kreften derbij telt de fabryk sa'n 190 á 195 wurknimmers wêrfan 160 fêste kreften. Út grutste gedielte fan de minsken komt út Warkum en omjouwing en dêrneist út oare plakken sa as Balk, Koudum en Snits. Troch konsolidaasje fan bedriuwen, de grutte wreidet út en de lytse slút, komme der no ek wurknimmers út Drongryp.

Op dizze lokaasje te Warkum hat Friesland Campina trije ferwurkingslinen:

- de tsiis line;  hjir wurde de tsizen, Edammers en Goudse tsizen, noch op de âlde manier droege op iken planken.                                       

- de waai line; de waai wurdt yn de Friesland Campina DOMO fabryk ferwurke ta poeder foar babyfoeding en noch in lytse rest giet nei bargefoer.                                                                                       

- de natoertsiis line; dizze tsiis wurdt feredele en yn plestik ferpakt en sa ek droege. Dizze smakket oars as de tsiis dy't op de âlde manier droege wurdt. Dit wurdt produsearre yn in gesammenlike fabryk fan Friesland Campina en Aware. (Mei de nije fabryk fan Aware yn Hearrenfean is dat no net mear sa hândich)

De tsiisfabryk fan Warkum bestiet al sûnt 1909 en is groeit ta ien fan de grutste fan Nederlân. 10 % fan alle molke fan Friesland Campina wurdt hjir ferwurke. De molkferwurking yn Noard Nederlân is einliks te heech en dertroch moat der molke út it súden fan it lân hjir hinne tranportearre wurde. Dit bringt kosten mei sich mei en op in oare ridlike manier sille dan de kosten omleech moatte. Mei minder minsken itselde meitsje is net leuk, mei deselde minsken mear meitsje is better! De ôfrûne jier ha hja 9% mear tsiis makke, hja binne nûmer 1 yn de kostpriis. Dizze lokaasje stiet altyd folplend en sa kinne de kosten leech bliuwe. Mar hja moatte skerp en alert bliuwe.

Hoe sjocht de hear Kasteel de skaalfergrutting?                                                                            

Troch de molkkwota ha wy de priis op in keunstmjittige manier stabyl holden. Wy binne no oan it deregulearje. Mei mear kij komt der mear molke! Jo sjogge no al dat der kij út Dútslân kocht wurde. As der mear molke komt, giet de priis omleech. Der sit gelokkich al in rem op dong, mar de dong hoecht net op it selde plak ferwurke te wurden. Al hoewol der sit in boppegrins oan.                                                                                                                                           

Is der in gefaar fan in molkeplasse? De merk regelt it sels. De merk reagearret der no op, de priis giet hinne en wer. Nei in tiid komt der wer balâns yn. Mar it is net te fermijen dat de priis omleech giet. Wy gean moeilike tiden temjitte sawol foar boeren dy't in hege ynfestearring dien ha as foar oaren dy't dat net dien ha. As FNP hoopje wy dat der gjin molkeplasse/tsiisberch komt! Foar in produsint is dat ek in nachtmerje.              

De molkpriis is keppele oan de priis fan de tsiis. Friesland Campina is in koöperaasje, dus de winst giet nei de boeren. Hja betelje ek in goede molkpriis, hjiryn binne hja de twadde fan Nederlân.

Friesland Campina moat op syk nei nije ôfsetmerken bûten Europa yn Argentinië, China, Bazilië, Japan ..... Mar de merk is net ûneinich en dat giet tiid kostjen. Wy moatte bewize dat ús tsiis lekkerder smakket en goedkeaper is. It moat net te djoer wêze. Wy moatte it ha fan de gewoane produkten, dy't yn de supermerken ferkocht wurde. De spesialiteiten winkels ha lekkere dingen, mar dy merk is te lyts. Dêr moatte hja it net fan ha. De grutste ôfset ha hja as earste yn Nederlân, dan Dútslân en de rest fan Europa en dernei Brazilië en Japan. De Edammers gean it meast nei de Skandinavyske lânnen, hjir wurde se net allinne ferkocht om op te iten mar ek brûkt as kearsestander.

Hat de fabryk noch wol romte foar útwreiding? Op it stuit sit útwreiding der noch net yn, mar yn de takomst is der noch wol romte foar in ekstra tsiis line.

 

 Der is wol ris praat west fan de restwaarmte fan de fabryk te brûken foar it swimbad te Warkum!  Dat is sa, hjir is wolris serieus nei frege, mar der is gjin serieus plan foar. Dat leit noch hielendal iepen en is ôfhanklik fan: Wêr komt it nije swimbad, wêr is de waarmte nedich en hoe krije jo dat dêr dan. It giet fansels net foar niks en der moat in plan foar komme. De waarmte moat transportearre wurde.

Hja brûke no in eigen foarsuvering en dernei de wettersuvering fan it Wetterskip, nei in tiid giet de waarmte derút. In diel giet wol de lucht yn en in lyts streamke net fersmoarge waarm wetter giet de Horsa yn. Dat kinne de Warkumers winters bij sterk iis ek achter de fabryk sjen.

Hat Boris Kasteel ek oandachtspunten foar de polityk? Dat hat hij wol; Fergunningen oanfreegje, dat duorret tige lang!                                   

In foarbyld hat hij koartlyn noch meimakke. De fabryk hie in fergunning nedich foar in fytsenhok bûten it hekwurk fan de fabryk. Dit gie sa ekstreem moeilik dat hja op it lêst mar in fytsenhok op eigen terrein set ha.                                                                                                  

It hekwurk wie nedich fanwege feilichheidseasken, dy't Ruslân as foarwaarde stelt foar de eksport. Troch de boycot fan Ruslân is it hekwurk no net mear yn wurking.

De FNP kin oer it oanfreegjen fan fergunningen it lêste nijs fan wethâlder Offinga  oerbringe. Offinga hat de ûndernimmers tasein dat de Gemeente harren op it mêd fan fergunningen temjitte komme sil.                                                                                                             

Yn it algemien giet in ûndernimmer ek út fan feilichheid op de lokaasje, goede produkten en sa duorsum mooglik produsearjen.

Om't Boris Kasteel noch net sa lang yn Warkum wurket, kin hij de FNP net as Politike Partij. Wy kinne him útlizze dat wy foar Fryslân en de Friezen yn de romste sin fan it wurd stean; opkomme foar it Frysk eigene, de taal en kultuer, de natoer en it lânskip.

Hoe sjocht de FNP dan de krimp? Krimp hat neist, dat der minder bern komme as earder, û.o. te meitsje mei dat de wurkgelegenheid op it plattelân efterút rint en dat bedriuwen nei de stêd lûke en sadwaande de minsken der efteroan. De FNP fynt ek dat der in goede sprieding fan hierwenten yn  ús gemeente bliuwe moat, sadat minsken net twongen wurde om earne oars te wenjen. En op dizze wize de krimp op it plattelân yn de hân wurket. 2010 04 18 20 48 51

 

Wy sille de krimp ek net tsjin hâlde kinne, mar wol fertraagje troch op it plattelân goede fasiliteiten te hâlden foar bedriuwen. Wy hoopje dan ek dat Friesland Campina noch lang yn Warkum bliuwe mei. Hjir giet Boris Kasteel fan út, hja binne in sterke spiler op de merk en lizze yn de Súdwest hoeke mei har molkfeebedriuwen moai sintraal.

Mei yn acht nimmen fan de hygiëne- en feilichheidsfoarskriften; spesjale skuonnen oan, hiernetsje oer it hier, sierraden ôf, dopkes yn de earen, hânwaskje en in wite stofjas oan krije wy noch in nijsgjirige rûnlieding troch de tsiis produksjehal. Yn lange pikelbaden glide de tsizen ús foarbij. It rûkt noch altiden itselde, nei de lytse fabrykjes mei harren molkûntfangst fan eartiids.

 

Ferslach troch Tryntsje Wester (20-04-2015)

2020 FNP Fryslân - Disclaimer