Wurkbesite

fan de FNP op tiisdei 29 novimber 2016 oan it Kultuerhús Klameare te Warkum


Trudi Vervaart - van der Valk swaait hjir de skepter en ûntfangt ús mei in bakje kofje / tee mei wat lekkers.  Trudi pacht de Klameare fan de Stichting, mei ien fêste frijwilliger en har eigen famylje hâldt hja de Klameare draaiende.

Ek de Biblioteek, ûnderdiel fan Fean en Mar, sit yn it gebou.  De Bib sit yn it diel, dat earder it âlde stedhûs wie. En dan sit der noch in Gemeentlik part yn mei û.o. it Gemeenteloket en  in plak foar meiwurkers fan it gebiedsteam.

Nei de offisjele iepening troch Trudi en wethâlder Durk Stoker op 22 juny draait de Klameare no folop mei teaterfoarstellingen fan Stichting Cultureel Nut Workum, de repetisjes en útfieringen fan it koar, workshops, muzyklessen en gearkomsten ensf. Ek fan de Biblotheek  wurdt folop gebrûk makke. Lêzers fan de Bib kinne ek gebrûk meitsje fan de grutte lêstafel yn de foyer. It is in kommen en gean fan in ferskaat oan minsken. Dus in multyfunksjoneel sintrum yn funksje.

 

Dat multyfunksjoneel gebrûk net fan de iene op de oare dei giet, moat Trudi ûnderkenne. De kommunikaasje oer de húshâldlike saken tusken de trije brûkers; Klameare, Biblioteek en Gemeente kin better. Har advys is ien koördinator oan te stellen.

It moat mooglik wurde dat in behearder/koördinator der in goed lean mei fertsjinje kin. Dat is no net it gefal. Winters is der in protte drokte en aktiviteit en meitsje hja lange dagen, mar simmers fanôf april o/m augustus leit it stil. Dan is der ek gjin ynkommen. Hjir soe wat foar yn it plak komme moatte; b.g. rûnliedingen troch it monumintale gebou mei oanbieding fan in kofjetafel.

De Gemeente besiket no wurkplakken te ferhieren oan (startende) ûndernimmers, mar der hat it MFC kwa eksploitaasje net folle oan. De monumintale trouseal kin neist trouwerijen folle faker brûkt wurde. It is in pracht lokaasje foar gearkomsten.

Der is in grut ferskaat oan lokale aktiviteiten, dy steane op http://www.klameare.nl/

 

Oanrin problemen binne der ek troch lûdshinder fan de Teaterseal. De akoestyk yn dizze seal is tige bêst, mar it lûd is ek yn de oanlizzende sealen goed te hearren. Tagelyk mei in koar repetysje kin Trudi guon sealen net ferhiere, dy kinne dan net brûkt wurde.                      

In lûdslús soe oanlein wurde moatte. It hoe en wat en de kosten moat noch ûndersocht wurde.

Krekt ôfmakke is it terras op de twadde ferdjipping. Dit is in hiel geskikt plak foar in barbecue foar in lyts selskip, mei sicht op de tsjerke en oer de stêd. Dus mooglikheden genôch, mar der sil wol it ien en oar koördinearre wurde moatte en Trudy sjocht dat gjin taak mear foar har. Takommende jier hat hja 25 jier wurke yn de Klameare en wol noch graach ris wat oars dwaan.

Nei in pracht fan in rûnlieding troch it âlde en nije diel, sels it kasjot ha wy sjoen, binne wy hielendal op é hichte fan it wel en wee fan it nije kultuerhús Klameare. Wy winske de ferskillende brûkers yn dit MFC in protte nocht en wurk plezier ta yn dit nije gebou.

 

Ferslach troch Tryntsje Wester (4-12-2016)



2020 FNP Fryslân - Disclaimer