Wurkbesite oan de Warkumer Waard op tiisdei 29 novimber

In kroanjuwiel fan in natuergebiet yn Súdwest-Fryslân

 

Om 13.00 oere stean Germ vd Burg en Hans Pietersma fan it Fryske Gea ús (Henk Breimer, Jikkie Ruiter, Liskje Flapper, Sicco Rypma, Joep Bergsma en Tryntsje Wester) op te wachtsjen by it Warkummer strân.

Earst rinne wy nei in sintraal punt wêr in nij parkearterrein pland is. Hjir krije wy útlis oer de útwreidingsplannen fan it rekreaasje park It Soal. Utwreiding fan de jachthaven mei winterberging en oan de oare kant fan de tagongsdyk in hotel en rekreaasje apparteminten. De plannen binne al yn in fier stadium en op it heden wurdt praat oer de bêste manier fan ynbedding neist it natuerterrein It Soal.

De mannen fan it Fryske Gea wolle dat de natuer sa min mooglik fersteurd wurdt.          

It Hotel kriget no ek ynpannige ruten, sadat de ljocht útstrieling minder wurdt rjochting natuergebiet. Hja pleitsje der ek foar de ierden wâl om de jachtbou-berging beamfrij te meitsjen. In beamwâl is nammentlik in pracht plak foar predatoaren en dy kinne hja der net sa goed brûke, want de hoeke tusken Warkum en de Warkumer Waard is noch in hiel goed gebied foar greidefûgels.

De piken fan de greidefûgels ha dêr noch de kâns om grut te wurden, fretten genôch en leafst net te folle predatoaren.

Dan rinne wy nei de útkykpost op de Warkumer Waard. It is der no rêstich, it is in bytsje winterich. GEDC1955

 

Mei de ferrekiker sjogge we ferskate fûgels fleanen en foerageren

Fan rekreanten gjin spoar te bekennen.  Dat is simmerdeis wol oars. Op it strân is in kitesurf skoalle fêstige, dat is net sa slim. Mar it lûkt ek oare frije kitesurfers oan en soms buskes fol surfers mei eigen ynstrukteurs. It is fierstente massaal wurden.

Yn it begjin fan it kitesurfen holden de sporters harren noch wol oan de rigels om it Natura 2000 gebied net te fersteuren. In buffer ôfstân fan 150m moat yn acht nommen wurde, hjir giet men regelmjittich oerhinne. De fûgels wenne hjir net oan en bliuwe bang foar dy grutte skermen yn de loft.

 

Oan it ein fan ús petear wolle wy witte oft wy wat foar dizze behearders fan it natuergebiet betsjutte kinne. No dat kinne wy: Hja soenen graach in fêste amtner yn it Gemeentlik apparaat ha wolle, dy't hja oansprekke kinne (foarhinne wie dat ek sa).

Dizze fraach nimme wy mei. As der oars wat is, kinne hja ek altyd kontakt mei ús opnimme. Wy betanke de mannen fan It Fryske Gea foar harren nijsgjirrige rûnlieding troch ien fan de moaiste natuergebieten fan ús Gemeente.

 

 

 

Ferslach troch Tryntsje Wester (3-12-2016)



2020 FNP Fryslân - Disclaimer