FNP-Súdwest op wurkbesite yn Littens

Freed 16 oktober hat FNP riedslid Welmoed vd Werf in grutte delegaasje fan har politieke maten út Súdwest-Fryslân ûntfongen foar in wurkbesite oan har Littenseradiel.

 

FNP Súdwest-Fryslân docht faak wurkbesites, ditkear mei as doel it, 15 doarpen tellende, gebied yn de gemeente Littenseradiel te ferkennen, dat jannewaris 2018 gearfoege wurdt mei Súdwest-Fryslân.

 

Der is besite brocht oan it enerzjyprojekt oan de Bongier yn Boazum, natuergebied Skrok en sportkompleks Skoalle Seize yn Easterein, Kennis Sintrum Autisme Mik yn Wommels en it Mienskipshûs yn Kûbaard. DSC 0036

 

Underweis fertelde frou vd Werf pasjonearre oer it karakteristike fan de doarpen en de ûnmisbere tradysjes dy't goed oerdroegen wurde moatte by de fúzje sa as de spulwike, it berne-iepenloftspul en De Freule.

 

It selskip, wêrûnder riedsleden, wethâlders, bestjoer en skaadfraskjeleden wie tige ûnder de yndruk fan de besylde natuerbehearders, it aktive ferieningslibben en it dynamysk bedriuwslibben yn Littenseradiel.

 

Klaas Visser tanke de gastfrou út namme fan alle gasten: "De start bepaalt it súkses, op dizze wize komt it hielendal goed tusken Littens en Súdwest".

 

 

 

 

Kontakt

-               Sicco Rypma sicco.rypmafnp.frl

-               T 0515 579476

 

Taheakke Foto's

-               Foto 0036             Op bestite by it Enerzjy-projekt oan de Bongier by Boazum

-               Foto 0072             Op besite by natuergebied Skrok by Easterein

 

 

 

DSC 0072



2020 FNP Fryslân - Disclaimer