Wurkbesite FNP Súdwest-Fryslân

oan Doarpsbelang Top en Twel op tongersdeitejûn 1 september 2016

 

Oanwêzich fan Doarpsbelang (DB): Tsjerk Bouwhuis (foarsitter), Wynold Feenstra, Aljosja Akkerman (sekretaris)

Oanwêzich fan de FNP Súdwest-Fryslan:De riedsleden; Klaas Visser, Corrie Bergstra, Sicco Rypma, Jelle Gerbrandy en Jikkie Ruiter (kommisjelid), Liskje Flapper (lid skaadfraksje) en Tryntsje Wester (fraksjemeiwurker).

Tsjerk Bouwhuis begjint mei te sizzen dat der ek goede dingen ta stân kommen binne, yn Top en Twel, it is net allinne kommer en kwel. Doarpsbelang is tige bliid mei it nije brêge hokje mei brêgewachter. Hja binne en bliuwe sa ûnderdiel fan de steande mêstrûte. Ek de fuotbalkoai (pannakooi) is realisearre en hjir wurdt troch de Jeugd drok gebrûk fan makke.

 

Wenningbou:                                                                                                                          

Dat de wenningbou foar starters net fan de grûn komt, sit DB tige dwers. De Gemeente stelt him werom hâldend op

it Multifunktioneel Centrum en wenningbou is tige wichtich. Fan wenningen foar de âlderein is tige ferlet.

Ek yn Top en Twel stean hierwenningen te keap. Starters krije sa gjin kâns.

     

Gaswinning:                                                                                                                                             

No it grutste ûnderwerp yn Top en Twel en werfan it grutste diel fan de ynwenners dit net wol.

Doarpsbelang is fan miening dat der in nulmjitting komme moat foar alle gebouwen.

Hjir sit dus noch in ferskil, mar in wichtige stap is set.

plan B wurdt no útwurke: - nulmjitting, - omkearde bewiislêst, - in "klachten" loket.

 

Hânhaving:                                                                                                                        

Doarpsbelang tsjinnet regelmjittich hanthaving fersiken bij de Gemeente yn.

-       de Noardein 15. It ferpauperet en ferrottet.

-       It White House (âlde molkfabryk)

-       Rintsje (alom bekend), Sjaerdawei syn hiem moat noch opromme wurde.

-       It snoeien fan it grien (troch partikulieren) lit te winskjen oer, mar it mei 2 tegels oerhingje.

                             

Fytsroute nei Snits, rotonde Einsteinstraat-rûnwei N354:                                        

Doarpsbelang fersiket de Gemeente dizze rotonde oan te pakken.                                                                                                      

FNP De snelheid derút helje soe al hiel wichtich wêze.


 

Lûdsoerlêst A7:                                                                                                                             

De lûdsoerlêst wurdt hieltyd slimmer

Der binne trije opsjes om dit probleem oan te pakken:                                                                            

1. Fanút de tunnel oant Snits 100 km ynstelle.                                                                        

2. Yn kombinaasje fan lûd redusearjend asfalt.                                                                         

3.  In strook beplanting (mar dit sil wol op wjerstân stuitsje)                                                               

Douma Staal:                                                                                                                                

Op it stuit liket it of is der minder aktiviteit, de doarren binne wat faker ticht.

Efterútrin bedriuwichheid:                                                                                                          

De wettersport rint werom, der is net safolle bedriuwichheid mear. 

De folgjende ôfspraken binne makke:                                                                                                                                                                                                                                                      

1.    Wentebou. Yn oktober komt it bestimmingsplan Top en Twel yn de Ried..

2.     Hierwenningen. Oandacht sadree de wenfyzje troch de Ried fêststeld wurdt.

3.     Gas. FNP nimt kontakt op mei de Provinsje oer foarwearden yn de mynbouwet.

4.     Hanthavenjen. FNP freget it kolleezje nei it útbliuwen fan aksje.

5.     Oerstek fytsers en Lûdsoerlêst A7 ynformearret by it kolleezje.



2020 FNP Fryslân - Disclaimer