FNP yn petear mei Pleatslik Belang Raerd op freed 27 maart om 16.00 oere yn it Doarpshûs “de Trijesprong”

Raerd in doarp foar jong en âld!

Fjouwer bestjoersleden fan Pleatslik Belang (PB)Raerd; John Jacobs (foars.), Ben Klaassens (sekr.), Rob Luijder (bestjoerslid), Minke Nicolai (bestjoerslid) hjitte ús (Jelle, Jikkie, Liskje en Tryntsje) wolkom yn it Doarpshûs fan Raerd en nei in foarstelrûnte ha wy allerhande ûnderwerpen bij de kop. 2010 03 28 23 43 54 1

Sûnt 1 jannewaris 2014 binne hja bij de Gemeente Súdwest kaam. De kontakten mei de Gemeente binne goed. It Grien en it skjinmeitsjen fan it doarp is ferbettere. Doarpekoördinator Jaap Wittermans hat hjir in positive rol yn. Hij komt nei harren ta, harket nei wat der spilet, lost it op of komt der op werom as it net direkt ôfhannele wurde kin.

Aktualiteit:                                                                                                                                                     

De oansteande ôfbraak fan eartiids âldereinwenten troch Elkien sit Pleatselik Belang heech. As der neat foar yn it plak komt, ûntstiet der in te koart oan betelbere hierwenningen foar de jongerein. As der gjin inisjatyf komt út de Raerders sels, kin der gjin nijbou komme. PB kin it inisjatyf net op harren nimme, dêr sitte te folle risiko's oan. Ek Elkien nimt de rol fan it oanbieden/bouwen fan goede sosjale wenningbou net op harren, hoewol't dat harren kearntaak is.                                                                                                                                         

Nijbou is der wol kommen fan partikulieren, mar der steane ek 10 wenningen fan partikulieren te keap. Guon sitte ek mei twa huzen.

Gelokkich barre der ek in hiele protte goede saken yn Raerd: It Jeugdhonk draait prima, hja ha no wer in hierkontrakt oant 2020 tekene. Moaie saken binne ek de haven en de tsjerke. De tsjerke wurdt net allinne foar tsjinsten brûkt, mar ek foar konserten. Der bart in protte yn it 600 minsken tellende doarp, der binne in protte ferienings mei bestjoeren. It neidiel dêr wer fan is dat it dreech is om nije bestjoersleden te finen. Mar as der wat barre moat mei frijwilligers, dan komme de minsken wol.

 

De Soarch:

De petearen mei de minsken dy't soarch nedich ha, binne achter de rêch. In protte minsken ha al help fan harren eigen netwurk. In poel opsette fan frijwilligers is net nedich, dat wurdt op in fanselssprekkende manier oplost. De sosjale kontrôle yn Raerd is noch grut.

De húshâldlike help wurdt wol minder, mar guon minsken betelje it dan sels.

Pleatselik Belang organisearret kofjemoarntiden foar de âlderein. Der wurdt  in nije Jeu de Boule baan oanlein achter it doarpshûs troch de aktiviteitenkommisje. Dit om de âlderein better yn de gelegenheid te stellen om der te kommen.          

 

Klústeragenda:

De oanpak fan de klústeragenda is net alhiel dúdlik. De doarpen fan de Legean en Skearnegoutum hearre by elkoar, mar hja ha soms stridige belangen. PB begrypt wol dat der klústere wurde moat, want yn elts doarp kinne net alle foarsjennings yn stân holden wurde. Fan te foaren kinne doarpen bij elkoar stappe; wat kin der mienskiplik oanpakt wurde, hokker doarpsoerstigende belangen binne der? Twa kear yn ‘t jier fergaderje de doarpsbelangen mei elkoar. It giet dan oer skoallen, fytspaden, sportfoarsjennings.

De fytspaden yn de Legean is in foarbyld om mei elkoar oan te wurkjen, sadat de skoallebern in feilige route ha. In oar ûnderwerp is it iepenbier ferfier. De doarpen út de Legean ha kontakt mei de Provinsje om te ûndersykjen oft de bus, dy't troch de Legean rydt, ek nei stasjon Grou ride kin.

 

 

 

Gymseal:

De gymseal is krekt opknapt en in protte ferienings meitsje der gebrûk fan. Mar no is de hier omheech gien en wurdt it in hege kostenpost foar de ferienings. Fêste ynkomsten ha hja fan de skoalle, dy makket ek gebrûk fan de seal. Wethâlder Tolsma is kontaktwethâlder, hjir sille hja de hierferheging mei beprate moatte.

 

Doarpsfisy:

De doarpsfisy rint fan 2010 - 2015. De punten dy't lizzen bleaun binne, wurde no oanpakt.

Wêr stiet Raerd yn 2025? Hoe stiet it dan mei de glêsfezel?

De glêsfezel leit wol yn de bûtengebieten oan de Snitserdyk, mar de rest fan it doarp wol it ek wol. Oer 5 á 6 jier komt it ek wol nei it doarp ta, de finansearring sil dan net sa heech mear wêze. Hooplik is de skoalle der dan noch!

De skoalle, dy't ûnder de koepel Odyssee falt, telt + 80 bern, de oanwas is net grut. Spitigernôch binne 15 bern it ôfrûne jier nei de Master Steve Job skoalle te Snits gien.

Raerd hat ferlet fan jonge gesinnen en derfoar hierwenningen.

 

Ljouwert Kultuerele Haadsted 2018:

De Slachte marathon / rintocht is yn 2016 wer oan bod mei as einpunt Raerd. Foar de Slachte is in aparte kommisje. PB ferwachtet dat hja yn 2018 ek wol wat oppakke sille.

 

Ferkearsfeiligens:

Op de Slotsdyk wurdt te hurd riden. Der binne in protte klachten fan ynwenners. Dêr moat hânhavene wurde, mar om oan in mjitpunt te kommen duorret wol in jier. De Gemeente Súdwest-Fryslân hat mar 5 mooglikheden om te mjitten, op 80.000 ynwenners is dit net folle.

 

Wy sille dit Wethâlder Stoker foarlizze!

Ek bij de wykagent kin dit melden wurde.

 

PB hat de wykagent wolris útnoege om te kommen praten. Der bart wolris wat, al hoewol it bliuwt bij ynsidinten.

 

Fierder is Raerd in hiel sosjaal doarp dat mei elkoar in hiele bulte oplost. 2010 03 28 23 54 49

 

It is wol net in saak fan Pleatselik Belang, mar bij de Tennisferiening spilet de privatisearring; de oerdracht fan fjilden ensf. fan de Gemeente nei de Feriening. De Raerder Tennisferiening wie akkoard gien mei de finansearring, mar om't oare ferienings it net iens wurde koene, is de ûnderhânling staakt. Raerd wie wol akkoard gien en iensidich is it no stop set. Dit fine hja net netsjes.

 

Wy sille it neifreegje yn de organisaasje.

 

Nei in goed oere praten, betankje wy harren foar dit iepen petear. De FNP fynt it wichtich om op de hichte te bliuwen fan it wel en wee fan Raerd. PB Raerd kin ús ek oansprekke as der wat is.                                                                                                                                     

 

Ferslach troch                                                                                                                                 

Tryntsje Wester                                                                                                                       

fraksjemeiwurker



2020 FNP Fryslân - Disclaimer