Wurkbesite op freed 17 juny 2016 troch de fraksje FNP Súdwest-Fryslân oan:

feebedriuw en kemping D. Leyenaar oan de Swarte Brekken te Snits en de nôtmûne “t Lam” fan Cees en Marjon Notenboom te Wâldsein.

FerDe FNP'ers Corrie Bergstra, Sicco Rypma, Klaas Visser, Douwe Blom, Jikkie Ruiter, Liskje Flapper en Tryntsje Wester binne tige gastfrij ûntfongen troch de famylje Douwe en Henderina Leyenaar en harren soan Jan Jurjen.

 

Earst krije wy in rûnlieding oer it feebedriuw. De nije stâl is noch mar krekt trije wike yn gebrûk en mei dizze stâl binne hja klear foar de takomst. Troch in grut diel sels te bouwen, ha hja de kosten drukke kinnen. En al dwaande de stâl sa ynrjochte dat it oan harren winsken foldocht; mei wetterbêden foar de kij en in molkstâl fan 2x 10.

 

Dat bouwen op it fean net samar kin, witte hja. Ek te sjen oan de foarein fan de buorkerij, dy't troch it ynklinken fan it fean, tige skeef sakket.

Ûnder de putten moasten ekstra lange betonpeallen. Op de putten sit dan wer de hiele opbou mei flierren en roasters. Der siet al hiel wat beton yn de grûn foardat de stâl omheech kaam. Mar it resultaat kin besjen lije en eaget rom en fris. De jonge generaasje Leyenaars; Jan Jurjen en syn broer Jelte Jetse, binne no neist heit Douwe foar it grutste gedielte oan it wurk op it feebedriuw.

 

Henderina Leyenaar behertiget de twadde tak fan it bedriuw; de kemping "Synneveer". 25 kempingplakken ferdield oer twa fjildsjes, elts mei in toiletgebou, oan de Swarte Brekken. Foar wettersporters en natuerleafhawwers in unyk plak mei in eigen haventsje mei 20 lisplakken. Ek foar bern is der fan alles te belibjen; de katten, kninen en kavia's falle tige yn de smaak bij de bern. Under begelieding meie hja ek by de buorkerij bisten komme en de hynders en alpaca's mei helpe te fersoargjen.  Swimme, farre, sile en fiskje alles kin der.

 

Sûnt 2002 draait  de minikemping yn kombinaasje mei it feebedriuw. In echte belibbenis foar minsken dy't ris yn de kunde komme wolle mei in modern feebedriuw. Mei de boer binne ôfspraken te meitsjen om ris yn de melkput te sjen, mei te riden op de trekker of te helpen bij it fuorjen. Om de kempinggasten op harren ferantwurdlikens te wizen, rikke de Leyenaars in boekje út mei oanwizingingen foar feiligens foar minsken en bisten.

 

Nei de rûnlieding ha wy noch gesellich op harren terras kofje/tee dronken mei oranjekoeke. Oft der noch fragen oer en wer wienen, bliek dat de famylje wolris tsjin in muoisum wurkjend amtlik apparaat oanrint. Uteinlik komt it dan wol wer klear, mar nei oanhâlden as storein.

It lêste foarbyld is: Bij de útrit oan de nije ovatonde by Drylts woenen hja graach belijning foaral foar de kempinggasten is dit stikje dyk (swart asfalt) ûndúdlik en ûnfeilich. De belijning is tasein, mar in belijningsauto dy't yn de buert wie, koe (of mocht) it ‘wurk mei wurk' net útfiere.

Ek wolle hja graach in stikje polderdyk oernimme fan de gemeente, der komt gjin ien en it stiet fol mei suring. Fan dy suring ha hja lêst, it sieddet en hja komme der ûnder te sitten.

Wy nimme harren opmerkingen mei en sille dit bij de Gemeente oankaarte. Wy betankje harren ek fan dit plak foar de gastfrijens.

 

 

2e wurkbesite op dizze middei is oan de nôtmûne "t Lam" fan Cees en Marjon Notenboom te Wâldsein.

 

As wy der oan riden komme, sjogge wy de wjukken fan de mûne boppe de bebouwing útdraaien, in prachtich gesicht. Mûnder Cees is noch drok oan it wurk en is wyt fan it moal as wy mei him yn de kunde komme. Derom gean wy earst nei syn frou yn it winkeltsje derneist.

 

Hjir is it in kommen en gean fan klanten dy't bestellingen ophelje. De FNP mannen stekke ek efkes de hannen út de mouwen om in bestelling mei swiere moalsekken yn te laden. Marjon fertelt ús dat de moalprodukten, dy't hjir te keap binne, allegearre sels meald wurde fan biologysk teelde nôt, safolle mooglik út Fryslân. Der is in grutte fariaasje oan produkten, fan inkeldfâldige moalen oant mingde moalen en kant en kleare miksen. Yn grutferpakking giet it nei de bakkerijen, mar ek is it foar thúsbakkers yn lytse ferpakking te krijen.

 

Nei dizze útlis gean wy nei de mûnder werom. Hij is no klear mei it opsekjen, de bestellingen moasten earst klear. Wy klauterje lâns de smelle treppens omheech, foar guon mei hichtefreze is dit net te dwaan. Op de "balustrade" bij de kap krije wy de skiednis fan de mûne te hearren. Al yn de 16e iuw stie op dit plak yn Wâldsein in mûne. De mûne fan hjoed-de-dei is út begjin 18e iuw, der is hout út 1745 te finen.

 

Yn de bloeitiid fan Wâldsein 17e en 18e iuw fearen seeskippen út Wâldsein nei fiere lannen û.o. de Skandinavyske lannen. Fan de Oostsee lannen namen hja neist hout en weet ek mostersied mei werom, dat yn de mûne ferwurke waard ta moster.  De mûne ‘t Lam makke diel út fan in grutte ûndernimming, wêr't û.o. in skipswerf en in seachmole bij hearden. De Ingelske see-oarloggen en de Frânske tiid makken in ein oan de bloei fan Wâldsein. De grutte ûndernimming fûl útien en yn 1849 waard de famylje Siegert eigener en is oant 1959 yn bedriuw west. Doe't dat bedriuw ophold, is de Gemeente Wymbritseradiel eigener wurden. De mûne heart no bij de monuminten (kultureel erfguod) fan Gemeente Súdwest-Fryslân en wurdt ferhierd oan de famylje Notenboom.

De âlde mûnders wenning  is yn 2000 troch de Gemeente oankocht mei betinkst dat it bij de mûne ferhierd wurdt. Hjir sit no it winkeltsje yn.

 

Cees Notenboom en kompanjon Siem Jager binne begien yn 1980 as frijwilligers bij de mûne. Nei folle opknap wurksumheden koe der yn 1993 wer meald wurde. Nei ferrin fan tiid is Siem Jager opholden en Cees Notenboom hat der mear en mear syn wurk fan makke. No is it safier dat de mûnder en syn frou der in bestean út ha. Fan biologyske produkten is hieltyd mear ferlet, de merk lûkt oan.

 

Binnen yn de mûne krije wy útlis oer hoe't de mealstiennen oandreaun wurde. Der moat al in stevige wyn stean foardat der meald wurde kin. Foar it gefal der net genôch wyn stiet kin der ek in elektryske oandriuwing brûkt wurde. Meastal lit de mûnder de wjukken draaie en as der genôch wyn is, kin der sa op wynkrêft oerskeakelje. In nije generaasje mûnders wurdt hjir no al oplieden yn de foarm fan staazjerinners. Foar de takomst is de mûne, dizze pearel út ús erfguod, beholden.

 

De FNP is ûnder de yndruk fan dizze moaie ûndernimming en betanket Cees en Marjon Notenboom foar harren tiid en útlis. Nei it restauraasje fûns stipe te hawwen en de lytse FNP-thúsbakkers  noch wat út it winkeltsje kochten, gean wy fierder nei Koudum. Hjir wachtet wethâlder Stoker mei kofje, broadsjes en in petear.

 

Ferslach troch Tryntsje Wester 

 



2020 FNP Fryslân - Disclaimer