Wurkbesite bij Hylkema, Aldegea, Súdwest-Fryslân

WURK BESITE troch de fraksje- skaadfraksje fan FNP Súdwest-Fryslân Sicco Rypma, Corrie Bergstra, Jikkie Ruiter, Tsjerk Bouwhuis, Liskje Flapper en har man Paulus, Jelle Gerbrandy, en Tryntsje Wester en de FNP Steatefraksje; Annigje Toering, Wopke Veenstra

Mei dizze ploech binne wy op sneontemoarn 16 septimber 2017 bij it Melkfee bedriuw fan de famylje Sicco en Anneke Hylkema-Folkertsma te Aldegea (SWF) op wurkbesite.

 

De mts Hylkema lit it tradysjoneel buorkjen los en is no Skriezekriteboer en hja ha de oerstap nei biologysk buorkjen makke.

Wy hearre fan har hoe't it bedriuw sich yn de rin fan tiid ûntwikkele hat en werom't hja de stap nei biologysk buorkjen naam ha.

Sicco Hylkema syn heit Douwe hat de earste lisbox ynboud yn de âlde pleats (stjelp) en doe is Sicco yn '91 yn de maatskip kaam. Hja hiene doe 60 kij.

Yn ‘96  hawwe Sicco en Anneke it bedriuw oernaam mei 60 á 65 kij. Yn 2002 is de âlde pleats plat gien en is de hjoeddeistige lisbox opset mei 2 robots. Hja wurkje no 15 jier mei robots en dizze wurde om it heal jier up-date. Yn 2007 is Sicco en Anneke mei syn neef Arjen Witteveen yn Firma gien. Hja hiene it ark tegearre, 140 kij op de twa robots en it jongfee bij Arjen. Yn 2015 is Arjen wer út de Firma gien. Hij helpt noch wol folle en nimt waar yn de fakânsjes.

 

Yndertiid siet Sicco yn in praatgroep oer de takomst fan de melkfee hâlderij. It molk kwotum gie derôf, wat kaam der foar yn it plak? Wêrom wie it yndertiid ynsteld? Fan út harren gefoel en om in tsjinwicht te bieden oan "groeie, groeie, groeie", ha hja yn 2015 de stap naam om oer te skeakeljen nei biologysk buorkjen, rekken hâldend mei natuer en greidefûgels.

Om it jild, de 50 sint de liter,  hoege jo it net te dwaan. De omskeakeling kostet earst jild. Yn twa groeiseizoenen moatte jo oerskeakelje, gjin keunstmest brûke, plas/dras ynrjochtsje, kij ferkeapje, lân derby keapje. En dat alles foar de gongbere molkepriis fan 26 oant 40 sint de liter. As biologysk boer moatte hja ûnder de skaalnoarm bliuwe, minder kij per ha en 170  kilo stikstof per ha is de noarm. De gongbere lânbou mei net boppe de 250 kilo per ha komme.

 

De kontrôle is krekt west en oer 4 wiken binne hja offisjeel biologysk boer. It bedriuw telt no 125  kij en 80 jongfee, foarhinne wie dat 145 kij en 110 jongfee. It bedriuw hat no 93 ha ta har beskikking, wêrfan 26 ha húskavel foar weidzjen brûkt wurdt. It útgongspunt is in grûnbûn bedriuw, genôch fretten fan eigen lân, eigen dong en rûge stront wer werom oer it lân. Ek eksperimintearje de Hylkema's en oare boeren út de Skriezekrite mei de Bokashi bult. In bult mei organysk ôffal fan b.g. hekkelseadden, âlde kuil, dong, laach foar laach oanbringe mei stienmoal of seeskulpen dertusken, soerstof ticht ôfdekke. Nei trije moanne ûnder plastyk is troch fermintearjen in meststof ûntstien, dy't útriden wurde kin en goed is foar de struktuer fan de boaiem.

 

Nei de mûzepleach hawwe de Hylkema's in stik lân ynsiedde mei reade klaver. Sa hellet hij aaiwyt fan eigen lân. In diel derfan wol hij dit jier drûgje litte yn brokjes. In diel fan syn lân is fûgeltsjelân mei plas / dras. De frucht dy't hjir fanôf komt, wurdt brûkt as struktuer bij it fuorjen. It is in útdaging foar de Hylkema's om mei in slutend ekosysteem te wurkjen.

De lânbou moat oan hieltyd strangere miljeu easken foldwaan. De biologyske boer hat hjiryn in foarsprong troch it grûnbûne buorkjen.              De FNP wolle dizze manier fan buorkjen, de duorsume en oan grûnbûne lânbou, stimulearje.

 

Wat De Hylkema's dwers sit, is it bermbehear troch de Gemeente. Foardat poddeblêden (ridderzuur), stikels en Jacobskrûd sieddet moat it eins meand wurde en oprêden. Oars waait it sied it lân oer en kriget de boer tige lêst fan dizze planten. Foaral de biologyske boeren ha hjir lêst fan, hja brûke gjin fergif en moatte de planten der mei de hân útstekke. Boeren wolle sels de bermen wol ûnderhâlde tsjin in fergoeding. It bêste is; de boppekant meane, de ûnderkant stean litte, wol oprêde om ferskraling te befoarderjen, dit befoarderet it bioferskaat.
Wy as FNP Súdwest-Fryslân sizze ta, dat wy dizze ideeën trochjaan sille oan de Gemeentlike organisaasje. Wy sille freegje om mei de boeren yn petear te gean.

 

Wêr't de Hylkema's harren soargen oer meitsje is de opfolging, de takomst fan de boeren. Oer in jier as 10 kin der yn de omkriten fan Aldegea in kealslach plak fine. Aldere boeren hâlde op en ha gjin opfolging. Hoe komt it lânskip der dan út te sjen?

Hoe aktearje de banken tsjin oer de boeren? De Hylkema's ha de erfaring, dat de bank muoite hie mei harren omskeakeling nei biologysk. De kosten per ha lân binne heech, €60.000. It werom beteljen giet langsumer en de Rabobank hantearret hjir in protokol foar. Hoewol de bank is net konsekwint hjiryn; oant 2013 binne dêr stâlen boud, basearre op de ôfskaffing fan it kwotum, fan 2013 - 2015 joech de Bank noch lieningen om folop te bouwen, hoewol ‘t de fosfaatwet mei  beperkingen der oan kaam.

 

Nei in dik oere praten en diskusjearjen (ûnder de FNP-ers sitte aardich wat saakkundigen) krije wy in rûnlieding oer it bedriuw. Troch it enthousiaste ferhaal fan Sicco en Anneke Hylkema wurdt ús wer dúdlik dat "it boer wêzen" net allinne in berop is mar in manier fan libjen. Wy tankje harren foar it dúdlike ferhaal en de gastfrije ûntfangst.

Ferslach troch Tryntsje Wester (21-09-2017)



2020 FNP Fryslân - Disclaimer